Grou hat nije en gruttere pont

19 maaie 2016 - 21:24
  • It útrôljen
  • De nije pont

De frijwillige skippers fan de stifting Grou Aktief kinne de kommende moannen gâns mear minsken oersette fan Grou-Noard nei it sintrum fan it doarp en werom. Tongerdeitejûn is in nij en foaral grutter pontsje yn gebrûk naam.

Dat barde troch wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert en foarsitter Gerard Bouma fan Grou Aktief. Sy rôlen de reade loper út nei it nije skip dêr't tolve minsken op kinne yn stee fan de fjouwer op de âlde pont. Dêrmei kin de eksploitaasje fan de pont ek folle better út.

It stribjen is om mear as 10.000 minsken oer te setten. Ferline jier wiene dat der hast 9.000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)