Diskusje oer Frysk strjitfestival

19 maaie 2016 - 20:10

It Frysk strjitfestival yn Ljouwert hat temin Fryske artysten yn it programma. En it is allegearre te kommersjeel wurden. Dat is de krityk fan Joop Fenstra fan Ljouwert. De âld-parsefotograaf is no gûcheler en yllúzjonist. Fenstra hie himsels oanbean om in strjitte-optreden te fersoargjen, mar hy krige fan de organisaasje in ôfskriuwer. Margret Havenga, projektlieder fan it festival, is it net iens mei de krityk. Yn Weistra op wei gongen Fenstra en Havenga yn diskusje.

It Frysk strjitfestival is dit jier op 27, 28 en 29 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)