Jelle de Jong wint arsjitektuerpriis

19 maaie 2016 - 19:45

Arsjitekt Jelle de Jong fan De Lemmer hat tongersdeitejûn yn Amsterdam in belangrike arsjitektuerpriis wûn. It tsjerkje yn it Grinslanner Winsum wie nominearre as Bêste Gebou fan 2016, en dat hat wûn yn de kategory 'leefberens en sosjale koheezje'.

It tsjerkje is restaurearre en ferboud ta restaurant. Der waarden gjin tsjerketsjinsten mear holden. Arsjitekt De Jong hie yn it foar net tocht dat er yn de prizen falle soe. De nominaasje fielde foar him al as in priis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)