Omrop Fryslân

FC Twente yn berop tsjin degradaasje

Fuotbal
© Omrop Fryslân
Fuotbalklup FC Twente giet yn berop tsjin de degradaasje nei de Jupiler League. Fuotbalbûn KNVB wol FC Twente straffe foar finansjeel wanbelied. De klup hat in skuld fan 32 miljoen euro. De degradaasje fan Twente soe betsjutte dat Cambuur dochs noch in kâns hat om yn de earedifyzje te bliuwen.
FC Twente is ferbjustere oer it beslút fan de KNVB, seit ynterim-direkteur Onno Jacobs fan FC Twente tsjin de NOS: "Zoals ik gistermiddag al aangaf zijn wij verbijsterd door het voorgenomen besluit dat zou betekenen dat FC Twente degradeert."
Dat Twente degradearret is foarearst in foarnommen beslút fan de lisinsjekommisje fan de KNVB. De Sintrale Spilersried kin dêr noch in advys oer útbringe. Dan pas komt de kommisje mei in definityf beslút. En dêrnei pas kin Twente offisjeel berop oantekenje. Hoelang't dat noch duorje sil, is net dúdlik.
Twente nimt wol in risiko troch yn berop te gean. Der is ek in kâns dat it fuotbalbûn de lisinsje fan de klup hielendal ôfpakke sil.
Cambuur neamde de timing fan de KNVB earder al 'bizar'. De neikompetysje om promoasje en degradaasje is op dit stuit yn folle gong. It beslút fan it fuotbalbûn soe fan ynfloed wêze kinne op de finales fan de play-offs, sizze de Ljouwerters.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.