Kaartferkeap Oerol útsteld oant 25 maaie

Dead End © Ormop Fryslân, Wendy Kennedy
De start fan de online ferkeap fan Oerolkaarten is opnij troffen troch in grutte steuring. Woansdei wie de earste steuring. Om healwei tsienen waard bekend makke dat de steuring foarby wie. Mar eefkes letter waard de ferkeap dochs wer stillein.
Tongersdei gong it opnij mis. De ferkeap foar de Freonen fan Oerol wurdt no útsteld oant woansdei 25 maaie acht oere. Dan moatte alle swierrichheden oplost wêze.