Oandielhâlders Caparis sille prate mei ûndernimmingsried

19 maaie 2016 - 18:45
  • Caparis

De oandielhâlders fan Caparis stean iepen foar in petear mei de ûndernimmingsried fan Caparis. De ûndernimminsried fan de sosjale wurkfoarsjenning hat tongersdei it fertrouwen yn de ried fan kommissarissen fan it bedriuw opsein en wol dat de oandielhâlders mei harren in petear oangean.

Se wolle ek dat de oandielhâlders mei harren kandidaat foar de ried fan kommissarissen praat. Dy is troch de rfk ôfwiisd. Der rint in saak by de ûndernimmerskeamer oer.

De wurdfierder fan de acht gemeenten, wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert, seit dat se oerlizze sille oer hoe en wannear't se in petear oangean sille mei de ûndernimmingsried. Nije wike is der in oandielhâldergearkomste. Dy wurdt earder hâlden as pland, fanwege de ûntstiene sitewaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)