Pieter Weening oan de lieding yn Noarwegen

19 maaie 2016 - 18:38

Pieter Weening hat de twadde etappe yn de Ronde fan Noarwegen oer 194 kilometer wûn. De kopman van Roompot Oranje Peloton sprong yn de finale op de lêste beklimming fuort út it úttinne peloton en koe dêrnei goed stânhâlde yn de ôfdaling en op it lêste flakke gedielte.

Weening is ek de nije lieder yn it algemien klassemint. Hy nimt de trui oer fan sprinter Steele Von Hoff út Australië. De nûmer twa is de Noar Sondre Enger op 50 sekonden. De Ronde fan Noarwegen wurdt op snein ôfsletten.

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)