Henk Oly krijt Wopke Eekhoffpriis

19 maaie 2016 - 17:53
  • Henk Oly sprekt syn tankwurd

Yn de Oranjeseal fan it stedhûs fan Ljouwert hat Henk Oly de Wopke Eekhoffpriis krigen. Dat is in priis dy't de gemeente ien kear yn de fjouwer jier útrikt foar de bêste bydrage oan lokaal histoarysk ûndersyk.

Oly kriget de priis foar syn folsleine wurk oer de Ljouwerter skiednis. Hy hat benammen in soad ûndersyk dien nei strjit- en húsnammen yn Ljouwert en wat der yn dy huzen barde. De sjuery fynt dat Oly wier 'publyksskiednis' fêstleit. Dat is fan grut belang, fine de sjueryleden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)