Hearrenfean is finansjeel wer sûn

19 maaie 2016 - 17:13
  • It gemeentehûs fan Hearrenfean

De finânsjes fan de gemeente Hearrenfean werstelle flugger as de gemeente ferwachte hie. Yn 2013 hie de gemeente noch in tekoart fan 26 miljoen euro, oan de ein fan dit jier ferwachtet wethâlder Jelle Zoetendal in posityf saldo fan mear as 5 miljoen.

De gemeente Hearrenfean stiet sûnt 2014 ûnder previntyf tafersjoch fan de provinsje, omdat der in soad jild ferdwûn is omdat gemeentlike bedriuweterreinen net ferkocht waarden. Dat hat de gemeente tsientallen miljoenen euro's koste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)