Wethâlders Caparis-gemeenten moatte iepenheid jaan

19 maaie 2016 - 17:02
  • Caparis

Acht gemeenteriedsfraksjes fan de PvdA roppe de ferantwurdlik wethâlders op om in ynformaasjegearkomste oer Caparis te hâlden foar de gemeenterieden. Se hawwe soargen oer de gong fan saken by sosjale wurkfoarsjenning Caparis.

Neffens wurdfierder Tamara Bok fan de PvdA yn Ljouwert is Caparis in 'skip op drift'. "Er is gerommel in de directie, de raad van commissarissen is nog niet compleet, de Ondernemingskamer moet zich buigen over een kandidaat voor de RvC namens de OR en de CAO lijkt niet te zijn nageleefd voor sommige werknemers.''

Yn Caparis wurkje acht gemeenten gear: Achtkarspelen, Hearrenfean, Ljouwert, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)