Alderein wol sjoen en heard wurde

Fryske 65-plussers dy't harren iensum fiele, hawwe der foaral lêst fan dat se by hast net ien terjochte kinne of mei gjinien prate kinne oer saken dy't belangryk foar harren binne. It is net sa dat se temin sosjale kontakten hawwe. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo.
De senioaren sizze dat iensumheid foar harren net echt oplost wurdt troch bygelyks in kofjemoarn. Se wolle graach sjoen, heard en wurdearre wurde.
Neffens it Frysk Sosjaal Planburo is it fan belang om stil te stean by dit sinjaal fan de âlderen, foaral omdat de oerheid krekt ferwachtet dat dy harsels mear rêde en oars opfongen wurde troch har omjouwing. Dat bart te min, docht dus bliken.