"Likefolle jild nei Tryater, it Princessehof flink minder"

19 maaie 2016 - 12:36
  • Keramykmuseum Princessehof
  • Logo Tryater

As it oan de Raad voor Cultuur leit krijt it Ljouwerter keramykmuseum Princessehof minder subsydzje fan it ryk. De Raad advisearret it regear oer subsydzjeoanfragen fan kulturele ynstellings. It keramykmuseum hie foar de perioade 2017-2020 dik oardel miljoen oanfrege, dat wurdt oardel ton minder.

Toanielselskip Tryater soe neffens de Raad voor Cultuur wol sawat likefolle jild krije moatte as dat oanfrege wie: 1,6 miljoen euro. De Raad voor Cultuur is bot te sprekken oer de rol dy't Tryater yn Fryslân spilet.

Ek it NNO, it Noard Nederlânsk Orkest, krijt de subsydzje dy't it oanfrege hat. It giet om goed seis miljoen euro. Fan de njoggen lanlike symfonyorkesten heart it NNO by de trije orkesten dy't in dúdlik 'ja' fan de ried krigen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)