Iepenbiere gebouwen moatte better tagonklik wurde

19 maaie 2016 - 12:30

Der moat mear jild en oandacht komme foar it tagonklik meitsjen fan iepenbiere gebouwen foar minsken mei in beheining. Mei dy oprop komt foarsitter Joute de Graaf fan it CIG, Cliëntenparticipatie Integraal Gehandicaptenbeleid yn Súdwest-Fryslân.

It platfoarm jout tongersdei 15 gebouwen in ûnderskieding foar tagonklikens, mar neffens De Graaf binne dat der fierstente min. Sa witte de eigeners fan de gebouwen en oerheden faak net wat de obstakels binne dêr't minsken mei in beheining mei konfrontearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)