Kollum: "Max"

19 maaie 2016 - 11:16
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Sport bliuwt in nuveraardige emoasjebom. De wurden fan Theo Reitsma út it jier 1978 ‘Rensenbrink? Tegen de paal!’ binne fan histoaryske wearde wurden. It Nederlânsk âlvetal dat yn in tige fijannich Buenos Aires op in pear sintimeter nei wrâldkampioen waard. Arjan Robben hie yn de 62e minút ek in hiele grutte kâns yn wk finale fan 2010, mar wat Frank Snoeks doe sei wit ik earlik net mear. Dy bal op de peal fan Rensenbrink hie wis en seker de winnende west, dêrmei krige it kommentaar dat der by útsprutsen waard ivichheidswearde. Sa binne der noch wol wat foarbylden te neamen, bygelyks by de gouden plak fan de volleybalmanlju yn Atlanta, ‘Buiten de antenne om, ja hoor!!!’ of ‘Timmertje Timmertje, wat ga je doen!’ by de gouden 1500 meter yn Nagano en ‘Ellen van Lange, daar gaat ze, daar gaat ze naar het goud!’ yn Barcelona. Ek wer kommentaar fan Theo Reitsma trouwens. Ek de oankomst fan de Touretappe nei L’Alpe d’Hues yn 1983 wie sa’n momint. De sprint tusken Peter Winnen en Jean-René Bernaudeau wie tige spannend en smiet foar de Nederlanner de twadde winst op de Nederlânske berch op. ‘Winnen Berneaudeau, ‘Winnen Berneadeau, Winnen Berneadeau Winnen, Winnen!’ Dat wie fan Mart Smeets, neffens my.

Op dit stuit stiet de dielname fan de Russyske ploech oan de Olympyske spullen yn Brazilië faai. Want yn tsjinstelling ta alle oare sporters, ha de Russen massaal doping brûkt. Alle oare kampioenen binne dat op brune bôle en in glês appelsop wurden. Dy ha gjin fitaminesuppleminten, cocktails mei tsjustere ynhâld opdronken en mar net frege wat der yn siet. Nee, alle oaren binne sa skjin as sûker. Leauwe jo dat? Hurdfytser Peter Post brûkte al yn 1965 doping yn de Tour. Dat hat er sels sein. Ek kollega en nasjonale held Zoetemelk is twa kear pakt. As it oer doping giet, komt al gau de namme Herman Ram foar it ljocht. De tige serieuze direkteur fan de dopingautoriteit dy’t dan wer útlizze mei wat wol en net tastien yn. Yn it artikel út 2015 yn deiblêd Trouw, die út ûndersyk bliken dat de helte fan alle Nederlânske atleten dy’t meidienen oan de Spullen yn Peking ôfwikende bloedwearden hie of hân hie. Fansels waarden dy sifers daliks tsjinsprutsen, mar dêr’t reek is, is fjoer. Sportleafhawwers sitte dizze simmer wer mei it brûs op de bek te sjen hoe’t hurdfytsers yn in ûnmooglik tempo tsjin bergen opfytse. Spannende en prachtige tv. Stel dat ien fan dy fytsers in Rus is, soenen de oaren dan neat hân ha om deselde prestaasje del te setten? Kom op sis, de teneur om allinnich tsjin Ruslân tekear te gean is folslein hypokryt.

Ben Johnson, dy’t mei read trochbloede eagen de 100 meter sprint yn Seoel wûn, Lance Amstrong dy’t de saak jierren flest hat. Oan it ynfús om de swiere kompetysjes folhâlde te kinnen, it wie en is gjin útsûndering. In minske is no ienris net makke om sokke boppeminsklike prestaasjes te folbringen, en al hielendal net jierren efterelkoar. Wy witte dat we nei in diels manipulearre show sitte te sjen. Troch training kinne je in ein komme, mar om sa lang sa goed te wêzen as Amstrong wie, is de knipte tarwe fan de lokale bakker net tarikkend. Jo witte it, ik wit it. De Russen binne no even de sjaak, mar, as ik jo wie, soe ik myn hân foar in hiele soad oare topsporters en topsportnaasjes ek net yn it fjoer stekke. Alle atleten binne net skuldich oant se betrape binne, Armstrong hat jierren de heale dopingboel kontrolearre en manipulearre. Wa seit dat der no net in Usain Bold-maffia bestiet dy’t dat ek docht?
Mar lokkich, wy ha Max. En sûnt snein ek in pear miljoen deskundigen op Formule1 mêd. De opportune sportwrâld yn optima forma. It is prachtich. Panem et circenses, skreau de Romijnske dichter Juvenalis. Geef het volk brood en spelen. It wurdt grif in prachtige sportsimmer."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)