Aksjekomitee oprjochte foar trochstart swimbad 'De Frosk'

19 maaie 2016 - 11:12

In aksjekomitee wol mei de oprjochting fan in stichting of feriening swimbad 'De Frosk' yn De Westereen iepenhâlde. Dy stichting wurdt ferantwurdlik foar de eskploitaasje en moat út frijwilligers en betelle meiwurkers bestean. It swimbad is no ticht, neidat de eksploitant De Frosk BV fallyt ferklearre waard.

Nije wike is der oerlis mei de gemeente. It komitee wol dat Dantumadiel it swimbad oerkeapet, wêrnei't de nije organisaasje it bad fan de gemeente hiere of keapje kin. Dat moat dan foar in symboalysk bedrach.

Neffens it komitee 'De Frosk' kin in swimbad net sûnder strukturele subsydzje, ek al wurdt der mei frijwilligers wurke. It komitee krijt stipe fan de KNZB by it útwurkjen fan syn plannen. It bûn skoot ek oan by it petear mei de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)