Ljouwerter oanhâlden foar fernieling oan sportsaak

19 maaie 2016 - 10:31
  • De man rekke ferwûne by it fernielen fan it winkelrút

In 41-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn oanhâlden, neidat hy betrape wie op it fernielen fan in rút fan in sportsaak oan De Tunen. In tsjûge belle de plysje dat de man it rút fernielde, de winkel yngien wie en even letter ûnder it bloed wer fuortrûn wie. Doe't de plysje by de winkel kaam, wie de man wer troch it stikkene rút nei binnen klommen, omdat hy syn bril lizze litten hie.

Ambulânsepersoniel hat syn ferwûnings behannele en dêrnei is de man meinaam nei it plysjeburo foar in bloedproef en neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)