Oantal Friezen yn de WW nimt fierder ôf

It oantal Friezen dy't yn de WW sit is yn april mei 4% ôfnommen, dat betsjut dat der no noch 20.524 minsken sûnder wurk sitte. Dat is 6,2% fan de beropsbefolking. Yn april sakke it oantal útkearings mei 931. It oantal fakatueres nimt yn hast alle sektoaren fan de Fryske ekonomy ta. Mar de útstjoersektor, de bou, ferfier en hannel dogge it goed.
Yn hiel Nederlân hat 5,2% fan de beropsbefolking in WW-útkearing, krekt wat minder as it Fryske gemiddelde.