Gaslekkaazje yn Aldwâld; doarren en ruten ticht hâlde
De brânwacht fan Kollum is fan 'e moarn tsjin tsienen oproppen foar in gaslekkaazje oan de Eysmastrjitte yn Aldwâld. De omjouwing is ôfsetten en bewenners binne oproppen om ruten en doarren ticht te hâlden.