José Hessels en Maaike Faber binne 'FC-studint fan it jier'
Jose Hessels en Maaike Faber binne woansdei yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert útroppen ta Friesland College-studintes fan it jier. Beide binne studint ferpleechkunde.
Neffens de sjuery hawwe se in bysûndere prestaasje levere mei de staazje yn in berteklinyk yn Boerkina Faso. Se ha in protokol opsteld foar it personiel oer it reanimearjen fan poppen. It Friesland College rikt alle jierren awards út oan de bêste studint, trochsetter, ûndernimmer, bedriuw en dosint fan it jier.
Wenningkorporaasje Accolade is learbedriuw fan it jier wurden en dosinte Jessica Bergsma waard meiwurker fan it jier. José Hessels en Maaike Faber gean troch nei de lanlike ferkiezing.