Nije brêge yn Frjentsjer wurdt op syn plak takele

Yn Frjentsjer wurdt tongersdeitemoarn de nije Oosterpoortsdamsbrêge op syn plak takele. De ôfrûne dagen is de kraan dy''t It wurk dwaan moat yn ûnderdielen oanfierd en yn elkoar setten. It brêgedek sels is woansdeitejûn fanút Burgum nei Frjentsjer fearn. Tongersdeitemoarn betiid is men begongen mei de lêste tariedings en dat ferrint allegear neffens plan. It spektakel lûkt in soad publyk.
De ferwachting is dat de brêge foar 10 oere op syn plak leit.