Auto fljocht nei stjoerkorreksje oer de kop by Bitgum

19 maaie 2016 - 06:26

In automobilist is woansdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Bitgumerdyk tusken Menaam en Bitgum. De bestjoerder kaam fanút Menaam en rekke de macht oer it stjoer kwyt. De auto kaam mei de linkertsjillen yn de berm telâne en nei in stjoerkorreksje kaam de auto oan de rjochterkant fan de dyk yn de berm en sloech oer de kop. De auto bleau op 'e kop lizzen.

De bestjoerder koe sels fia de kofferbak út de auto komme. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De auto is fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)