Waadeilannen krije elk in nije webside

It Amelân © Omrop Fryslân
De Fryske Waadeilannen krije nije websiden. De gemeenten sille gebrûk meitsje fan ien systeem om de ynformaasje op de site by te hâlden. Sa kinne de eilannen inoar stypje. Wol hâldt elk Waadeilân syn eigen webside.
De ûnderwerpen dêr't de klant om freget, krije in prominint plak. De bedoeling is dat de fernijde ynternetsiden foar de Waadeilannen op 23 maaie online gean.