Keunstners bouwe doarp Asgaard by Ljouwert

18 maaie 2016 - 21:26

It keunstnersdoarp oan de noardkant fan Ljouwert kriget hieltyd mear stâl. Yn de natuergebiet achter de wyk Heechterp binne ferskate kreative tinkers al in skoft dwaande om huzen en hokjes te bouwen. Yn it doarp Asgaard wurdt alles mei de hân boud.

De keunstners fan Asgaard hawwe in stimulearringssubsydzje fan de stichting Kulturele Haadstêd krigen. It opstartjild is no op, wylst it doarp noch net klear is. Dochs meitsje de belutsenen harren dêr gjin soargen oer. Se hoopje mei frijwilligers en jeften yn natura it doarp ôf te bouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)