Fryske fammen prate mei Gooiske 'r'

De Gooiske 'r' is yn opmars yn Fryslân, benammen by Frysktalige fammen. De reden dêrfoar is dat bern tsjintwurdich faak twatalich grutbrocht wurde en de r-klank fan de iene taal oernimme yn 'e oare. Dat is ien fan de opfallende útkomsten fan in kongres yn Ljouwert oer de 'r'. Ut oar ûndersyk die bliken dat de Gooiske 'r' mear as tûzen jier ek al foarkaam yn it Westgermaansk. Dêrnei is er útstoarn en no opnij wer opkaam.
De measte Friezen prate mei in tongepunt-r. Der binne wol tweintich soarten r-klanken yn Nederlân.