Ljouwerter gymnasium tredde op wittenskipsolympiade

Gymnasium Beyers Naudé © Google Maps
Trije learlingen fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert hawwe brûns helle op de Europeeske wittenskipsolympiade dy't ferline wike hâlden waard yn Estlân. In Dútsk team helle it earste plak, in team fan it gymnasium yn Grins waard twadde.
Mei-elkoar wiene der 48 teams út 23 lannen. De dielnimmers meie net âlder wêze as 16 jier. De Europeeske wittenskipsolympiade wol learlingen entûsjast meitsje foar natuerkunde en technology. Se moasten twa opdrachten dwaan: sels in batterij meitsje en de grutte fan fetdripkes mjitte.