Der liket noch hoop te wêzen foar Cambuur

18 maaie 2016 - 16:25
  • SC Cambuur

De KNVB makket om 17:00 oere bekend wat der barre sil mei fuotbalklup FC Twente. De krante Tubantia meldt dat de lisinsjekommisje bepale sil dat de Tukkers takom seizoen yn de Jupiler League fuotbalje.

Degradaasje fan FC Twente soe derfoar soargje kinne dat SC Cambuur dochs yn de earedifyzje fuotballet. Cambuur moat dan hoopje dat Willem II en De Graafschap beide harren play-off-duel tsjin NAC Breda en Go Ahead Eagles winne. By dat senario soenen de Ljouwerters yn byld komme om it earedifyzjeplak fan FC Twente oer te nimmen.

Senario SC Cambuur
De KNVB hat op 29 april dúdlik makke wat der barre sil, as FC Twente it earedifyzjeplak kwytrekket:

* Wannear't Willem II, dat as 16e einige, útskeakele wurdt yn de play-off om promoasje/degradaasje (tsjin NAC Breda), dan sil dit team it plak fan FC Twente ynnimme foar takom seizoen.

* Wannear't De Graafschap, dat as 17e einige, útskeakele wurdt yn de play-off om promoasje/degradaasje (tsjin Go Ahead Eagles), dan sil dit team it plak fan FC Twente ynnimme foar takom seizoen.

* Wannear't Willem II en De Graafschap harren play-off om promoasje/degradaasje beide winne, dan nimt SC Cambuur, dat as 18e einige, it plak fan FC Twente yn foar takom seizoen.

Reglemint betelle fuotbal
Neffens it 'Reglementen betaald voetbal 2015/'16' soenen de Tukkers net opnij punten yn mindering krije kinne om't it seizoen al spile is. Degradaasje nei de Jupiler League soe dus op grûn fan oare regeljouwing tapast wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)