Nije fûgelwachtershutte op sânplaat De Kalkman

18 maaie 2016 - 16:00

Steatsboskbehear lit in nije fûgelwachtershutte op De Kalkman delsette. De ûnbewenne sânplaat tusken It Amelân en Skiermûntseach wurdt ek wol de Engelsmanplaat neamd, Dêr stiet in húske op peallen. De besteande hutte is nei 35 jier oan ferfanging ta. De nije pealhutte komt 800 meter eastliker te stean. Dat is better foar de fûgels en it ûndersyk nei de trekfûgels.

Oer twa wiken begjint de oannimmer mei de bou. Foar de âlde fûgelwachtershutte wurdt oar plak socht. Steatsboskbehear tinkt ûnder oare oan in eksposysje op It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)