Le Roy tún fersmoarge mei lege blikjes en plestik

18 maaie 2016 - 15:26

De Le Roy tún op It Hearrenfean is op guon plakken bot fersmoarge. Jongerein brûke it park hieltyd faker as omhingplak, Se litte der rommel lykas blikjes en weedpûdsjes slingerje, Der wurde ek hiele ôffalpûden yn de tún smiten.

De Le Roy tún is in soarte fan parkje op It Hearrenfean, fyftich jier lyn betocht troch Louis le Loy. It parkje is foar elkenien tagonklik. Frijwilligers fan de stichting De Tiid binne alle wiken tiden dwaande de rotsoai op te rêden.

Omwenners meitsje harren net allinnich soargen oer de fersmoarging, mar ek oer it woekerjen fan de beareklau. It is sa slim dat minsken mei de haachskjirre de paden beknippe om se tagonklik te hâlden. In beareklau kin brânwûnen feroarsaakje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)