Arriva priizget optreden bussjauffeur by Stiens

De bussjauffeur ried de 'gefaarlike autorider' mei opsetsin klem © Omrop Fryslân, Lydia Siderius
De reizgers yn de Arriva-streekbus dy't tiisdei by Stiens in auto klem ried, hawwe gjin momint yn gefaar west. Dat seit in wurdfierster fan it ferfiersbedriuw. De bussjauffeur hat neffens it bedriuw in goeie ynskatting fan de situaasje makke troch de auto op it twabaans stik dyk nei de rotonde yn te heljen en klem te riden.
De snelheid wie op dat stuit net sa heech dat it in gefaarlike manoeuvre wie. De sjauffeur wie de hiele tiid dat hy achter de auto ried, yn kontakt mei de ferkearslieding fan Arriva.
De ferkearslieding hat ek de plysje warskôge. De sjauffeur sette de 33-jierrige autorider út Den Haach oan kant fanwegen syn gefaarlike rydgedrach. Der is in bloedproef fan de automobilist ôfnaam. De man wie nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drugs.
Arriva fergeliket de aksje fan de buschauffeur mei dy fan in treinmasinist dy't jierren lyn de trein stil sette omdat hy seach dat in kealtsje yn de sleat neist it spoar drige te ferdrinken. Ek doe wie der gjin gefaar foar de reizgers, om't de masinist alles oan de ferkearslieding meld hie. Dy naam maatregels om foar te kommen dat oare treinen op de stilsteande trein ride koene.