Brânstifting yn pleats Surhuzum, brânwachtman swier ferwûne

18 maaie 2016 - 14:09
  • By it bestriden fan de brân rekke in brânwachtman slim ferwûne

De brân yn in buorkerij yn Surhuzum is tiisdeitejûn nei alle gedachten oanstutsen. Dat seit de plysje. In foarbygonger ûntduts de brân en warskôge de bewenner, dy't der sûnder ferwûnings út komme koe. It slagge de brânwacht nei ferrin fan tiid om it fjoer ûnder kontrôle te krijen.

In frijwillige brânwachtman sakke by it blussen troch de flier fan de boppeferdjipping. Mei slimme ferwûnings waard de man nei it sikehûs ta brocht. De plysje hat de saak yn ûndersyk en freget tsjûgen har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)