Brêgediel Alphen aan den Rijn lang om let te plak

18 maaie 2016 - 13:51
  • De brêge fan Alphen aan den Rijn leit lang om let te plak

Yn Alphen aan den Rijn is it brêgediel te plak hyst, dat yn de simmer fan ferline jier by takelwurk delstoarte. It brêgediel waard makke troch BSB Staalbouw yn Sumar. Meiwurkers fan it bedriuw wienen op it momint fan it delstoarten ek by de brêge. Troch it delstoarten waard in tal huzen fernield.

Yn tsjinstelling ta de foarige kear stiene de grutte kranen diskear net op in ponton mar stabyl op de fêste wâl. Ek waard de brêge net yn ien kear, mar yn twa dielen te plak brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)