Bysûndere oanwinst foar Museum Martena yn Frjentsjer

18 maaie 2016 - 12:59

Museum Martena yn Frjentsjer hat in bysûnder skilderij yn brûklien krigen. It giet om in portret dat neffens it museum de âldste ôfbylding yn ús lân fan in ferstoarn berntsje is.

It giet om in skilderij út 1607 fan de twajierrige Aelke van Juckema, lizzend yn in grêfkuorke. De âlden fan Aelke wiene de eigeners fan it Sjaerdemaslot yn Frjentsjer. It skilderij, dat nei alle gedachten makke is troch in Fryske keunstner, is folslein restaurearre. De makker is net bekend.

It museum hat it skilderij restaurearje litten. Troch dy restauraasje binne alle details fan it skilderij wer te bewûnderjen.

Trefwurden: 
Museum Martena skilderij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)