Ek studinten Hanzehegeskoalle siik nei besite oan kemping

18 maaie 2016 - 12:08
  • De kemping yn België

De learlingen fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean binne net de earsten dy't siik wurden binne op de Belgyske camping Villatoile. Itselde is groepen studinten fan it Ynstitút foar Sportstúdzjes fan de Hanzehegeskoalle yn Grins al twa kear oerkaam.

De hegeskoalle hâldt al tweintich jier in Outdoorwike yn de Ardennen. De lêste trije jier dêrfan sieten se op de kemping yn Anseremme. In groep fan fjouwerhûndert studinten giet dan fiif dagen nei de kemping. De lêste twa jier binne de studinten en harren begelieders dêr siik wurden.

De oarsaak wie nei alle gedachten it liedingwetter op de kemping. Nei de earste kear yn 2014 waard der mei de kemping ôfpraat dat der yn 2015 ekstra omtinken foar de hygiëne wêze soe. Mar yn novimber ferline jier waarden in soad studinten likegoed siik. It ynstitút easke doe in ûndersyk nei de oarsaak. De útkomsten fan dat ûndersyk binne noch hieltyd net by de hegeskoalle bekend, dat is is net wis oft de Fryske learlingen ôfrûne wykein besmet binne mei it Norofirus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)