Tjerk Sinnema mei wer oan it wurk as direkteur fan Caparis

18 maaie 2016 - 11:49

Tjerk Sinnema hat syn skorsing as direkteur by Caparis mei sukses oanfochten. Caparis moat him binnen 24 oeren wer ta yn steat stelle syn wurk te dwaan. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. Ek moat it sprek- en kontaktferbod dat Sinnema oplein krigen hie sa gau mooglik opheft wurde.

Caparis woe it kontrakt mei Sinnema net ferlinge om't hy net yngreep by ûnregelmjittichheden yn it bedriuw. Sinnema hie neffens Caparis nei de ried fan komissarissen stappe moatten om dat te melden, mar die dat net. Sinnema waard om dy reden yn maart skorst.

Sinnema hat sels altyd sein dat hy neat begreep fan syn skorsing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)