"Friezen meitsje mear gebrûk fan Wmo en jeugdsoarch"

18 maaie 2016 - 11:37

Yn Fryslân meitsje de ynwenners mear gebrûk fan sosjale foarsjennings as de Wmo en Jeugdsoarch as yn de rest fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Sociaal en Cultureel Planbureau SCP. Yn trochsneed makket ien op de acht Nederlanners gebrûk fan ien of mear yndividuele soarchfoarsjennings.

Gemeenten ha sûnt ferline jier de soarch foar de Wet Maatschappelijke Ondersteuning, de partisipaasjewet en jeugdsoarch oernommen fan it Ryk. Yn it algemien konkludearret it SCP dat in soad minsken net weromfalle kinne op famylje en freonen.

It binne der yn alle gefallen folle mear as de gemeenten yn it foar tochten. Evert Pommer fan it Sociaal en Cultureel Planbureau hat gjin idee wêrom't Friezen mear by gemeenten oanklopje foar stipe. Mooglike oarsaken kinne wêze dat Fryske gemeenten minsken flugger yn oanmerking komme litte foar regelingen as gemeenten yn oare dielen fan it lân, mar dat is noch net ûndersocht, sa seit de ûndersiker.

Lês ek it parseberjocht fan it SCP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)