Undersyk nei norofirus op Belgyske kemping rint noch

18 maaie 2016 - 11:31

De Belgyske kemping dêr't ferline wike learlingen fan Sevenwolden fan It Hearrenfean besmet waarden mei it norofirus, is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk nei de oarsaak. Mooglik sit it firus, dy't de mage en terms ynfektearret, yn it liedingwetter. Dat wetter wurdt op dit stuit ûndersocht. Tongersdei of freed wurdt dêr de útslach fan bekend.

In wurdfierster fan kemping Villatoile by Dinant yn de Ardennen sprekt fan in tige ferfelende situaasje. Neffens har binne der noch gjin fakânsjegongers dy't boekings annulearre hawwe.

Learlingen en dosinten fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean binne ek siik wurden op de kemping. Fan trije learlingen binnen kweken nommen. Twa fan harren hiene it norofirus, sa hat de GGD bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)