Acht boetes útdield by grutte kontrôle op de Iselmar

18 maaie 2016 - 10:44

De plysje hat dit pinksterwykein acht prosessen-ferbaal útskreaun by kontrôles op de Iselmar. Der gienen sân fiskers op 'e bon, ûnder oare omdat se gjin fiskpas hienen, ferbeane fiskmiddels brûkten of fisken op in plak dêr't dat net mei.

Ek in surfer dy't aktyf wie op in plak dêr't dat net mei gie op 'e bon. Tolve oare surfers waarden troch de plysje nei de wâl brocht, omdat se te wurch wienen om dy sels te berikken.

Trefwurden: 
de Iselmar plysje kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)