VVV-kantoar nei fiif jier wer werom yn Grou

VVV © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Grou krijt nei fiif jier wer in eigen VVV-kantoar. It gebou oan it Halbertsmaplein wurdt freedtejûn offisjeel iepene. Der is in gearwurking oangien mei de VVV yn Ljouwert. It kantoar yn Grou is bedoeld foar ynwenners, ûndernimmers en toeristen en is in inisjatyf fan de Stichting Promotie Grou, dy't ein 2015 oprjochte is.
De VVV yn Grou sil alle dagen iepen wêze fan tsien oant seis oere.