Archeologysk stipepunt fan de Aerden Plaats leechrôve

18 maaie 2016 - 08:53
  • Lege fitrines archeologyskstipepunt De Aerden Plaats
  • De Aerden Plaats yn Ouwesyl
  • Ien fan de leechrôve fitrines yn de Aerden Plaats

It archeologysk stipepunt de Aerden Plaats op Aldebiltsyl is ferline wike hielendal leechrôve. Neist de kassa binne der keunstwurken stellen. Dy binne benammen fan kultuerhistoaryske wearde. De skea rint yn de tûzenen euro's, benammen om't de ynbrekekrs in soad fernield hawwe. De ynbraak wie yn de nacht fan tongersdei op freed. De plysje siket tsjûgen.

By de stellerij binne ek in soad archeologyske fynsten stellen. It guod hat kultuerhistoarysk grutte wearde, mar is op de merk net folle wurdich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)