Kollum: "Vonk yn it wetter"

18 maaie 2016 - 08:43
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Ik lies moandei in kollum fan sportsjoernalist Roelof de Vries fan Omrop Fryslân. Dat hie net wêze moatten. As ik it no goed begrepen ha is technysk direkteur Hans Vonk fan Hearrenfean ek ferantwurdlik foar de saken dy’t al regele wiene foardat Vonk by Hearrenfean kaam. Hans Vonk is ek skuldich dat guon spilers, dy’t Roelof de Vries nei oanlieding fan hoe’t se letter spile ha graach by Hearrenfean sjen wollen hie, dat dy net kaam binne. As in spiler net nei Hearrenfean komme wol, ek al om't Hans Vonk mei in lege beurs boartsje moat, dan is Hans Vonk dêr dochs skuldich oan. Cambuur degradearret en ynienen is de technysk direkteur Van der Vegt de sûndebok. It is yn Grins ek sa. Dêr wiene we dochs allegearre jierren lang bliid dat Hans Nijland en Henk Veldmate it technysk belied bepaalden, en no krije dy ynienen in skop ûnder de kont fan de eigen supporters.

Hans Vonk hat ek in skop krigen. As je Roelof de Vries goed lêze dan is dat mar goed ek. Hy neamt it in ûnoangename man, dy Vonk. Begryp my goed, dat mei immen fine. Ik fyn it net. In hiel soad oare minsken ek net. Mar goed, Roelof mei in eigen miening ha. Mar wat frjemd dat we dat dan no pas hearre. As der al in kras troch de man set is troch de hegere machten fan Hearrenfean, dan kin je soks pas skriuwe? Maklik skoare op pinkstermoandei. Dat lês je dus op mear plakken.

De grutste flater dy’t Hans Vonk nammentlik makke hat, is om sa no en dan âld-foarsitter Riemer van der Velde ris wat te freegjen, “hoe denk jij daarover”. Hy frege it ek wol oaren, mar dat telt net. Want fanwegen Riemer sizze sjoernalisten dat it goed is dat Hans Vonk oan de kant set is. En fanwegen Foppe de Haan. Mar ja, dy wie noch efkes in populêre ynterim trainer. En doe’t Foppe sels sei dat er Hearrenfean net oan it fuotbaljen krige, en dat is dochs frij essinsjeel yn it fuotbaljen, doe wiene se myld mei Foppe. Hy wie dochs âld, seinen se, dan hoech je der net sa lûd mear oer te roppen.

Foppe sels ropt no wat lûder. Hy soe noch wol it ien en oar dwaan by Hearrenfean, “mar ik ha in ôfspraak mei Vonk, net mei Hearrenfean”. Ek de ploech scouts en trainers is not amused. Begjin fan nije ellinde. Tsjin it leven fan VI en Albert van Keimpema yn (eindelijk grote schoonmaak bij Heerenveen) wiene de Telegraaf en de Ljouwerter noch wat foarsichtich. Se wiisden nei de wurden fan âld-foarsitter Riemer.
We hiene lêsten in diskusje, Riemer en ik. Ik sei asto wat seist oer Hearrenfean dan wurket it hieltyd faker tsjin dy. Doe sei hy: “Mar ek as ik neat sis en it giet aansten ferkeard, dan krij ik ek de skuld”. Dat is ek sa.

Riemer van der Velde leit aloan út en nei oanlieding fan it fuortstjoeren fan Vonk no ek iepenbier, dat Hearrenfean op in gammel balkje dûnset. Elk jier 3 oant 4 miljoen mear útjaan as barre. No binne der ek noch 7 ton telefyzjejild en in haadsponsor minder. Dat betsjut dat Larsson in hiel goede earste kompetysjehelte ha moat en dan yn de winterstop ferkeapje foar sis mar tsien miljoen. Dan fart it wrakke boatsje noch in jier troch. Mar dêrnei kin gjin nije Larssons mear kocht wurde. En de oplieding smyt ûnfoldwaande jild op, om't dy kontrakten allegearre gau ôfrinne en dan kinne dy spilers foar in flutbedrach fuort.

En as Hearenfean dy spilers langer fêsthâlde wol, kostet dat miljoenen dy’t der net binne, mei ek noch de ûnwissens oft in talint echt in finansjeel talint wurdt. Riemer van der Velde jout it Hearrenfeanskipke noch in pear jier. Want net ien sjocht dat der no wat yngrevens bart. Wylst je nó je spilers en shirtsponsor ha moatte. Yn it âlde Abe Lenstrastadion hong altyd it spandoek: Sexbierum groet Heerenveen. It hong ek altyd yn it nije stadion. Utsein de lêste wedstriid. Doe tocht ik: soenen dý minsken no ek ôfskied nimme fan wat eartiids altyd hárren Hearrenfean wie? Ik bin bang fan wol."
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)