Snorfytser te hurd troch sintrum It Hearrenfean

Rydbewiis © ANP XTRA
De plysje op It Hearrenfean hat tiisdeitemiddei in snorfytser oanhâlden, dy't mei 60 kilometer de oere oer de K.R. Poststrjitte ried. De bestjoerder hie ek gjin rydbewiis. Efkes letter wie it mis op de Haskerútgong dêr't twa auto's opinoar botsten. Der rekke net ien ferwûne, mar de auto's sieten hielendal fêst en moasten útinoar helle wurde.
Yn de nacht hat de plysje in begjinnend bestjoerder oanhâlden dy't mei tefolle drank op oer de Hearewal ried. De man moat him ynkoarten foar de rjochter ferantwurdzje.