Byienkomst oer belibbingsflechten F-35 yn Ljouwert

17 maaie 2016 - 22:51

Definsje wol fan safolle mooglik minsken witte hoe't sy it lûd fan de JSF ûnderfine. Dêrom waarden ynwenners fan Ljouwert en omlizzende plakken oproppen om mei te dwaan oan in enkête. Dy wurdt nije wike holden as der in JSF en in F16 tagelyk de loft yngeane.

Dizze belibbingsflechten fine mooglik nije wike woansdei plak. Minsken kinne dan fia in formulier op ynternet oanjaan wat se fan it lûd fan beide fleantugen fine. De earste F-35, sa as de JSF offisjeel hjit, komt moandei nei Ljouwert.

It nije fleantúch wurdt oerflein út Amearika en bliuwt trije wiken yn Ljouwert. Tiisdeitejûn wie der yn de wyk Westeinde yn Ljouwert in foarljochtingsbyienkomst oer de belibbingsflechten en de enkête. Woansdeitejûn is der noch sa'n byienkomst yn Marsum en tongersdei yn Koarnjum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)