Muzykkorps Advendo Snits bestiet 70 jier

17 maaie 2016 - 22:31

Muzykkorps Advendo fan Snits fiert dat se 70 jier bestean. Fan woansdei 1 juny ôf is it fjouwer dagen feest. It begjint mei in slachwurkmaraton troch 21 slachwurkers en in sângongediner foar 70 minsken yn Frittemahof, klearmakke troch topkok Foppe Wiersma.

De dagen dêrnei binne der ferskillende aktiviteiten yn it Advendogebou mei workshops foar minsken mei in ferstanlike beheining, feilingen mei bysûndere foarwerpen en ritsjes mei in brânwachtauto. Op de ôfslutende sneon trede Advendo-groepen op yn de binnenstêd fan Snits.

Middeis wurdt der in 70 meter lang korps foarme fan alle groepen en dan falt ek de lêste klap fan de slachwurkmaraton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)