Fryske studinten meitsje reanimaasjeprotokol Boerkina Faso

18 maaie 2016 - 06:45
  • José Hessels en Maaike Faber mei in poppe yn Boerkina Faso

It Friesland College rikt woansdeitejûn de awards út oan de bêste studint, trochsetter, ûndernimmer, bedriuw en dosint fan it jier. Yn elke kategory binne trije nominearren.

Yn de kategory fan de studinten binne José Hessels en Maaike Faber kânshawwer foar sa'n award. Sy binne nominearre foar it reanimaasjeprotokol dat se opsteld hawwe foar in berteklinyk yn it Afrikaanske lân Boerkina Faso, dêr't se staazje rûn hawwe. Se hawwe ek echt in poppe reanimearre en dat hat grutte yndruk makke.

It reanimearjen fan lytse poppen giet hiel oars as by folwoeksenen. Foar it personiel yn de berteklinyk hawwe se dêrom in ynstruksjeboekje makke oer it reanimearjen fan poppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)