Omwenners A32 sette fraachtekens by ferkearsmaatregels

Omwenners fan de A32 by it Hearrenfean hawwe grutte fraachtekens by de ferkearsmaatregels dy't de gemeente en de provinsje dêr nimme wolle. De oerheden ferwachtsje de kommende 15 jier in grutte taname fan it ferkear. Om problemen foar te kommen wolle se ûnder oare de ferskate op- en ôfritten fan de sneldyk oanpasse.
It projekt kostet al mei al hast 27 miljoen euro. De omwenners tinke lykwols dat it hielendal net nedich is. De grutte groei yn banen en ynwenners dêr't de oerheden op rekkenje, sjogge de omwenners noch net gebeuren.
Boppedat smite de maatregels nije problemen op, sa as lûdsoerlêst en loftfersmoarging, sa tinke se. Tiisdeitejûn waarden de omwenners bypraat op de earste fan fjouwer ynformaasjejûnen oer de plannen. As alles goed giet, soe de skeppe begjin 2018 de grûn yn moatte.