Wittenskippers prate trije dagen oer de letter 'r'

17 maaie 2016 - 20:33
  • De gebouwen fan de Fryske Akademy

Wêrom fine bern de r-klank sa dreech? En hoe kin it dat je de letter 'r' op mear as tweintich ferskillende manieren útsprekke kinne? Oer dizze en oare fragen prate wittenskippers út de hiele wrâld de kommende trije dagen by de Fryske Akademy yn Ljouwert.

Fan 18 oant en mei 20 maaie organisearret de Fryske Akademy workshops wêrby't de letter 'r' sintraal stiet. Sûnt 2000 is dit de fiifde kear dat de wittenskippers gearkomme om harren mei itselde taalprobleem dwaande te hâlden.

Neffens taalwittenskipper Hans Van de Velde fan de Fryske Akademy is de r-klank troch it grutte tal ferskillen yn útspraak ideaal om feroaringen yn taal en identiteit te ûndersykjen.

"De r is bijzonder omdat die in heel veel varianten voorkomt binnen de verscheidene talen, maar ook binnen sommige talen zelf, zoals het Nederlands. Door de r-klank kun je laten zien wie je bent. In het Nederlands zie je bijvoorbeeld dat de Gooise r een bepaalde status wordt toegekend en vroeger was de Franse r ook heel erg sjiek. Dus de r-klank is een ideaal venster om algemene processen van veranderingen in taal en identiteit te kunnen onderzoeken", sa seit Van de Velde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)