Learlingen Sevenwolden krigen norofirus op Belgyske kemping

17 maaie 2016 - 19:10
  • De kemping yn België

De learlingen en dosinten fan OSG Sevenwolden dy't ferline wike siik wurden binne op in camping yn de Ardennen, hiene it tige besmetlike norofirus. Dat hat de GGD Fryslân bekend makke. Fan trije learlingen wiene kweken nommen en twa fan harren hiene it norofirus, fan de tredde learling is de útslach noch net bekend.

Wêr't se it firus út krigen hawwe, is ek noch net bekend. Dêr wurdt yn België noch ûndersyk nei dien. Hast alle learlingen binne ûnderwilens wer better, mar in oantal famyljeleden binne no ek troffen troch it firus.

De kemping yn de buert fan Dinant is ticht oant de oarsaak fan it siik wurden fan de kempinggasten fûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)