By Lauwerseach komme fjouwer útkykpunten

17 maaie 2016 - 18:56
  • Konsept fan de útkyktrep by Lauwerseach

By de jachthaven fan Lauwerseach komt in metershege útkyktrep op de punt fan de dyk. Der komme dit jier fjouwer fan dy útkykpunten, dy't in nij útsicht jouwe op de Waadsee, de havens, de Lauwersmar en op Lauwerseach sels.

De trep wurdt makke fan hout dat út oare wetterboukundige wurken komt.

De útkykpunten wurde diel fan in netwurk fan fyts- en kuierpaden yn it gebiet en binne ûnderdiel fan in grutter plan foar it gebiet, dêr't it Wrâlderfguodsintrum Waadsee it fisitekaartsje fan wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)