Amelanner reedrydferiening leit nije natueriisbaan oan

17 maaie 2016 - 18:04
  • De fjoertoer fan It Amelân

De Amelanner reedrydferiening Met Frisschen Moed leit in nije natueriisbaan oan op it eilân. De feriening brûkt no in plasse wetter dy't 1.80 meter djip is, mar it duorret lang foardat dy beferzen is.

De bedoeling is no om in stik grûn yn natuergebiet De Vleijen út te graven oant op in dikke heale meter. Dêr komt in dikke laach klaai op, wêrtroch't dy hast wetterticht is. Winterdeis kin der dan op riden wurde as it ferzen hat. Simmerdeis kin it fjild brûkt wurde foar oare aktiviteiten. It projekt kostet goed 25.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)