FIDEO: Nije dûmny Betheltsjerke presintearre oan de media

17 maaie 2016 - 17:41
  • Jacob Folkerts nimt it berop nei de Betheltsjerke oan
  • De Betheltsjerke op Drachtster yndustryterrein De Haven

Hy is 33 jier, komt fan Teksel en wurdt dûmny yn ien fan de grutste tsjerklike gemeenten fan Nederlân. Jacob Folkerts, oarspronklik fan Drachten, sil letter dit jier Orlando Bottenbley opfolgje as foargonger fan de Betheltsjerke yn Drachten. Folkerts waard tiisdei presintearre oan de media.

It wurdt foar Folkerts in oergong fan in tsjerke mei 150 stuollen nei ien mei in pear tûzen sitplakken. Folkerts stiet der net fuortendaliks allinnich foar. Orlando Bottenbley sil him yn it earste jier yntinsyf begeliede. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)